Ik mocht dizze simmer as saakkundige foar it Aldfrysk meiwurkje oan de twadde ôflevering (‘Lucht’) fan de prachtige Max-serie Het vuur van de Friezen, oer de skiednis fan Fryslân. Mei de moaiste boeken fan Tresoar op tafel, gie ik yn petear mei Huub Stapel en Nynke de Jong oer de Fryske frijheid, de âldste wetten fan de Friezen en it Aldfrysk. Prachtich om te dwaan! Hjir kinst de ôflevering weromsjen.

Spesjalist Aldfrysk & Boekskiednis
Fan 2021-2023 ha ik as zzp-er by Tresoar oan de slach west, mei in prachtich Unesco-trajekt (sjoch mar ris op richthofen.nl). Dat befoel fan beide