«

»

Mar 25

Oersetting site gemeente Ljouwert

logo gemeente Leeuwarden

logo gemeente Leeuwarden

Sûnt koart bin ik dwaande mei de oersetting fan de site fan de gemeente Ljouwert. In ûnbidige, mar ek in hiel moaie put. Benammen om’t ik foar it earst op in folslein oare wize oerset. Net fia tekstdokuminten, mar fia onlineprogrammatuer fan in Amsterdamske firma dy’t oersetsoftware ûntwikkelet. Dy programmatuer makket it hiel maklik om updates troch te fieren en nije content oersette te litten. In tige effisjinte en fierhinne automatisearre workflow. Dat is tige wichtich, want krekt de swierrichheden by it syngroan hâlden fan meartalige sites binne faak in beswier om der überhaupt oan te begjinnen. Mar dat beswier is no dus fuortnaam.

Wa wit sille no ek oare Fryske gemeenten makliker oerstappe op in meartalige site. Taalburo Popkema is der yn alle gefallen klear foar!

 

2 pings

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>