«

»

Sep 16

Obe Postmapriis foar De Hobbit

Op freed 14 septimber 2012 waard bekend makke dat de Obe Postmapriis takend wurdt oan myn oersetting fan The Hobbit út 2009.
De Obe Postmapriis is de trijejierlikse provinsjale literatuerpriis foar oersettings yn of út it Frysk.

It wie in hiele ferrassing foar my doe’t sjueryfoarsitter Hein Jaap Hilarides my op it Fryske Boekefeest by Tresoar op it poadium rôp. Ik hie der net mei rekkene, mar bin fansels tige fereare troch dizze priis – dochs it moaiste dat jin as Fryske oersetter barre kin. De útrikking sil wêze op freed 12 oktober 2012, ek by Tresoar.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>