«

»

Oct 24

Literêr protest ûnder priisútrikking

Op freed 12 oktober mocht ik de Obe Postmapriis yn ûntfangst nimme, de trijejierlikse provinsjale Fryske priis foar literêr oersetten (yn de pdf stiet de taspraak dy’t ik by dy gelegenheid útsprutsen ha). It wie in bysûndere middei, wêrop’t tagelyk ek de Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer Publykspriis útrikt binne, beide oan Elske Kampen. It bysûndere siet him yn it feit dat de trije neamde prizen miskien wol foar it lêst útrikt binne. Yn de nije kultuernota fan Deputearre Steaten is útsteld om de prizen ôf te skaffen. Dat foel hielendal ferkeard by it Fryske skriuwers- en oersettersgilde en late ta in brede protestaksje ûnder de priisútrikking: tagelyk kamen alle oanwêzige skriuwers oerein om foar te lêzen út eigen wurk, ien minút lang. Deputearre Jannewietske de Vries, dy’t oanwêzich wie om de prizen út te rikken, wie – neffens eigen sizzen ‘oangenaam’ – ferrast. Lit ús hoopje dat sy op har bar de Friezen oangenaam ferrast troch op har belied werom te kommen…

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>