»

Sep 10

Fryske Grimm

Sûnt in jier bin ik dwaande om, yn ’e mande mei yllustratoaren Peter Boersma en Hilda Groenesteyn, in Fryske útjefte fan de mearkes fan Grimm te meitsjen. It prachtige boek sil ein novimber útkomme by Bornmeer.

Yn desimber 2012 is it eksakt 200 jier lyn dat de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm har Kinder- und Hausmärchen útjoegen, yn 1812. Yn 1825 brochten se dêr in eigen seleksje fan út, dy’t bekend stiet as de ‘Kleine Ausgabe’. Dy blomlêzing fan 50 mearkes wie it begjin fan de wrâldwide segetocht fan de mearkes en is dan ek de basis fan de Fryske oersetting. It boek is gaadlik foar bern likegoed as foar folwoeksenen en alle doelgroepen sille dan ek wille ha kinne fan de moderne, linige oersetting en de hielendal nije, spannende yllustraasjes. Folgje dit projekt fia de spesjale Facebookside.

1 ping

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>