«

»

Mar 20

Mearkes fan Grimm sintraal by It Fryske Berneboek

Hoes audioboek "De moaiste Mearkes fan Grimm"

Hoes audioboek “De moaiste Mearkes fan Grimm”

By Stifting It Fryske Berneboek stiet op it heden, yn it ramt fan it Jier fan it Foarlêzen 2013, myn boek “Mearkes fan Grimm” sintraal. Foar dat boek ha ik oparbeide mei yllustratoaren Peter Boersma & Hilda Groenesteyn en útjouwer Bornmeer. Op de site fan de Stifting is in moaie beskriuwing fan it boek en de makkers te finen. Op it stuit wurdt in audioboek produsearre fan in seleksje (14) fan de Mearkes, dy’t fan ‘t maitiid útkomme sil. Fia de site fan de Stifting, mar ek fia Audiofrysk (de útjouwer fan it harkboek) binne twa sprookjes al te beharkjen: Hâns en Grytsje en Bûntepels.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>