«

»

Feb 26

Mearkes fan Grimm ferskynd

Foarkant Mearkes fan Grimm

Foarkant Mearkes fan Grimm

Op freed 30 novimber 2012 is yn ‘e Iepenbiere Bibleteek Ljouwert op feestlike wize Mearkes fan Grimm publisearre, myn nijste Fryske oersetting. By dy gelegenheid waard ek de eksposysje fan it orizjinele, skitterjende yllustraasjewurk fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn iepene. Sy makken 50 kleurige en tige feeërike yllustraasjes by de 50 Grimm-ferhalen dy’t ik út it Dútsk wei oerset ha. Utjouwer Bornmeer hat der in prachtige fullcolour hardcover útjefte fan makke, dêr’t sawol iksels as Peter & Hilda apegrutsk op binne. Der binne al ferskate priizgjende resinsjes ferskynd, dy’t jo allegearre fine kinne fia de spesjale Facebook-side dy’t foar dit boek oanmakke is. It boek kostet €27,50 en is te keap fia de boekhannel of oars mei in mailtsje nei info@taalburopopkema.nl. Alle yllustraasjes binne oars ek los te keap, as kanvasdoek mei Frysk ûnderskrift  en yn ûnderskate formaten; sjoch hjir foar mear ynfo.

Der sil oars letteroan (hooplik yn 2016) ek in Grinzer ferzje fan dit boek ferskine (Grunneger Grimm), mar dêr letter mear oer!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>