«

»

Mar 12

Utslach wurdstryd ‘smiley’

th_istockphoto_6421521-emoticon-winkDe sjuery, dy’t ditkear bestie út Hindrik Sijens en Truus de Vries (beide fan de Fryske Akademy), is ta in oardiel kaam oer de bêste Fryske wjergader foar it wurd ‘smiley’. Hjirby har rapport!

“De sjuery hat 35 Fryske ekwivalinten (út 40 anonimisearre ynstjoerings fan 23 persoanen, ATP) foar it Ingelske wurd ‘smiley’ beoardiele. Dy wurden binne yn twa groepen op te splitsen. Guon ynstjoerders hawwe tocht oan it blide gesichtsje (☺), wylst oaren it breder lutsen hawwe nei alle emoasjes (☺, mar bygelyks ek ☹). De sjuery woe sa ticht mooglik by it Ingelske wurd ‘smiley’ bliuwe. Sadwaande is in wurd as ‘sinsnútsje’, dat oars wol hiel aardich is, it net wurden. Dat wurd hat it wol ta de top 5 brocht. Dy bestie út: blierbekje, gibeltsje, glimke, lakerke en sinsnútsje. Lakerke komt fan ‘laitsjen’ en dat hat wer krekt in oare lading as ‘to smile’. Blierbekje alliterearret moai, mar ‘blier’ is mear in bliuwend persoansskaaimerk (‘in blier famke’ bygelyks) en net sasear in emoasje fan ien stuit. Gibeltsje heart hiel boartlik en fleurich, mar ‘gibelje’ is wer wat oars as it Ingelske ‘to smile’. Sadwaande is de sjuery útkommen op ‘glimke’. ‘Glimkje’ is in moaie oersetting fan ‘to smile’ en it achterheaksel -ke docht moai Frysk oan. Boppedat is ‘glimke’ in moai koart wurd.”

‘Glimke’ is dus de winner! Dat is ynstjoerd troch twa persoanen: Froon Akker en Bert-René Luimstra. Sy wurde mei de fynst fan dit neologisme (neosemantisme?) foar ivich yn de annalen fan de Fryske taal byskreaun en krije boppedat beide in aardich pryske.

De sjueryleden wurdt desjarzje fan har nommele taaltaak ferliend – ûnder myn grutte tanksizzing!

1 comment

  1. Brian

    Leuk al dy ferhaaltjes, gean sa troch! (moast wol feadcebk krije, oars wist net ast it wol goed dochst, no.. dat ha ik wol mei myn blog)Groeten fan Djoke

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>