Woansdeitemiddei 18 novimber is yn de bibleteek fan St. Anne myn earste produksje as útjouwer ferskynd: “Sprokys fan Grimm in ‘t Bildts”. Sytse Buwalda hat foar ús de Biltske oersetting fersoarge. Foar ús, sis ik, want tegearre mei myn Regaad- en kantoarkollega Peter Boersma (mei Hilda Groenesteyn ek ien fan de yllustratoaren) ha ik foar de útjefte tekene. Fyftjin ferhalen fan Grimm binne mei likefolle kleureyllustraasjes (deselde as út Mearkes fan Grimm (Bornmeer, 2012)) útrist en ynbûn yn in kreaze softcover.
It is de twadde oersetting yn in lytse taal, nei dyselde Mearkes fan Grimm, en it doel is om dy rige mei mear oersettings yn lytse talen (ek net-Fryske) út te wreidzjen. Foar €10 (ekskl. €3 ferstjoerkosten) is it boekje te bestellen fia info@taalburopopkema.nl