«

»

Sep 21

Twadde edysje Fryske Hobbit

Nei oanlieding fan it takennen fan de Obe Postmapriis hat útjouwer Elikser besletten om in nije edysje fan myn oersetting fan The Hobbit út 2009 op ’e merk te bringen.

Spesjaal foar dizze twadde edysje is in nij omslachûntwerp makke. De oanlieding foar de nije edysje is net allinne it takennen fan de Fryske oersetpriis, mar ek it feit dat it op 22 septimber op de dei ôf 75 jier lyn is dat Tolkien syn klassiker The Hobbit (1937) útkaam. Om dat te fieren kin oant en mei 23 septimber in sinjearre limited hardcover edition besteld wurde. Dêrnei is de nije útjefte as softback te bestellen. Bestel dit hearlike lêsboek foar de oankommende tsjustere moannen!

2 pings

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>