TSJINSTEN

OERSETTING

Oft it no giet om in webside, in saaklike tekst, in romantysk gedicht, in eksperimintele roman, in oerheidsrapport of de reklamefolder fan de doarpsslachter, by Taalburo Popkema kinne jo alles út it Dútsk/Ingelsk/Frysk/Nederlânsk wei nei it Frysk/Nederlânsk oersette litte.

KOARTINGSTARYF KORREKSJE + OERSETTING (Frysk-Nederlânsk)

In service dy´t ik ekstra leverje kin by in oersetopdracht, is it korrizjearjen fan de Fryske of Nederlânske boarnetekst (de tekst dy´t oerset wurdt). Mar al te faak sjoch ik by it oersetten noch allerhanne flaterkes yn it orizjineel! Jo kinne dy service al foar mar 1 sint/wurd (FRY/NL) ekstra op it oersettaryf krije. Sa ha jo, foar mar in bytsje mear, net allinne in moaie oersetting, mar fuort ek in korreksje fan it orizjineel!


 

TAALUNDERSYK/BELIEDSADVYS

It kin wêze dat jo in grutter of lytser ûndersyk útfiere litte wolle nei bygelyks in aspekt fan de Fryske taal of de skiednis fan it Frysk. Yn dat gefal kin Taalburo Popkema miskien helpe. Ik ha in protte ûnderfining mei it plennen en útfieren fan gruttere en lytsere wittenskiplike projekten op it mêd fan de Fryske taal en de skiednis dêrfan. Sadwaande ha ik yn de rin fan de jierren in soad wittenskiplike publikaasjes útbrocht en in tige goed netwurk opbouwe kind yn de nasjonale en ynternasjonale taalkunde, skiednis, nammekunde, leksikografy en de stúdzje fan minderheidstalen.

In spesjale foarm fan taalûndersyk is beliedsadvys foar wat Frysk taalbelied en taalbelied foar de oare lytse talen fan Fryslân oangiet. Tegearre mei jo bring ik yn kaart yn hoefier’t it Frysk taalbelied fan jo organisaasje oanslút by sawol it maatskiplik ferlet as it ferlet fan jo organisaasje.


TAALHELP (FERGEES)

Is it no ´twintich´ of ´tweintich´, of mei allebeide? Wêrom hat in Klaaiklút it oer ´dyk´ as in Wâldpyk ´wei´ seit? Wêr komme dy termen Klaaiklút en Wâldpyk eins wei? Wêrom stiet der yn in Frysk wurdboek hast neat by de letters X, Y en Z?

Stjoer in e-mail oan Taalburo Popkema en stel fergees jo fragen oer de Fryske taal!


PRESINTAASJE/STOOMCURSUS

Wolle jo in moaie presintaasje of in stoomkursus oer de Fryske taal ha? Taalburo Popkema fersoarget sokke presintaasjes en kursussen by jo thús of op de wurkflier.

Wolle jo in frijbliuwende offerte oanfreegje, dan kinne jo kontakt mei my opnimme fia de tillefoan of de email (sjoch myn kontaktgegevens yn de sydbalke fan dizze side)