«

Apr 13

The Tale Trail

Schermafbeelding 2017-04-13 om 16.42.19Elts minsk hat ferhalen. Persoanlike ferhalen, ferhalen oer de eigen eftergrûn. Eltse regio hat ek ferhalen. Folksferhalen, ferhalen oer de skiednis. Mei The Tale Trail wolle wy dy ferhalen hearre en belibje litte. Storytelling as wize om mear begryp en ynsjoch te krijen yn inoar, as Europeanen. En wat is dêr in better momint foar as 2018?

Want yn 2018 is net allinne Leeuwarden/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, mar ek Valletta, de haadstêd van Malta. Dy beide regio’s, dy’t likefolle oerienkomsten as ferskillen ha, wolle wy mei The Tale Trail oaninoar ferbine.

Us projekt bestiet út twa ferhalerûtes: ien yn Fryslân, en wol op Skylge (foarjier 2018) en ien op Malta (neijier 2018). Yn beide regio’s wolle wy in twadaachse kuierrûte oanlizze. Under begelieding fan in yn it sâlt bebiten gids leare de kuierers oan ’e hân fan (folks)ferhalen en moetings ûnderweis oer de skiednis, natoer en kultuer fan it eilân. Dêrby is it oerkoepeljende tema ‘Soarch en solidariteit’ – in Europeesk tema by útstek.Wa’t The Tale Trail ôfleit, kin ferhalen hearre oer de eilânkultuer en -folkloare, oer Johanniter oarder, oer midsiuwske gasthuzen, oer soarch foar en soarch oer natoer, en noch gâns mear!

Kuierje troch in prachtige regio, ferhalen hearre oer it eilân, syn kultuer en bewenner, troch de eilanners sels ferteld… Dat is The Tale Trail.

Bist ynteressearre yn ús projekt, hast ideeën foar ferhalen of wolst dyn organisaasje of ynstelling der graach oan ferbine, stjoer dan in mail nei: info@taalburopopkema.nl, en dan nimme wy kontakt mei dy op!

The Tale Trail is in inisjatyf fan Anne Tjerk Popkema (www.taalburopopkema.nl) en Jan Swagerman (www.narratievecoaching.nl), mei meiwurkign fan Atsje Straatsma.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>