«

»

Sep 06

Sprokies van Grimm in ‘t Stellingwarfs

mock-up

Op freed 2 septimber hat yn de Master Dykstraskoalle te Elsloo (Haadwei 31) tusken 14.00 en 15.00 oere de presintaasje west  fan “Sprokies van Grimm in ‘t Stellingwarfs”. 
It giet om in Stellingwerver oersetting fan 23 Grimmferhalen troch Sietske Bloemhoff & Henk Bloemhoff, fansels wer mei de bewende moaie yllustraasjes fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn. It is in mandeútjefte wurden fan Taalburo Popkema en de Stellingwarver Schrieversronte. It is it nijste diel yn de rige fan Grimmoersettings yn lytse talen (nei it Frysk (2012), it Biltsk (2015) en it Grunnegers (maart 2016)). Wy besykje op it heden in Hylper en in Stedsfryske ferzje op te setten, en op termyn ek in Noardfryske.
 
De priis foar dit boek fan 114 siden mei 23 ferhalen en likefolle kleureplaten, is €12,50 (ekskl. ferstjoerkosten). Stjoer in email nei info@taalburopopkema.nl om it boek te bestellen. 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>