«

»

Nov 28

Serious Frysquest 2013

It goede doel helpe én dêrby ek noch wat foar it Frysk betsjutte: dat is it doel fan “Serious Frysquest 2013“.
Yn it ramt fan Serious Request 2013, de oansteklike jierlikse goededoele-aksje fan 3FM, wêrfoar’t dit jier it Glêzen Hûs op it Ljouwerter Saailân opboud wurdt, hat Taalburo Popkema yn ‘e mande mei de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk in “Menukaart” ûntwikkele. Bedriuwen en organisaasjes kinneoant 31 desimber 2013 foar tige skaplike tariven hearlike Fryske produktnammen, soppige slogans, fleurige voice-overs of wat ek mar bestelle. En alles wat se derfoar betelje, giet streekrjocht nei it goede doel fan 3FM Serious Request: de striid tsjin bernestjerte troch diarree. Hast in bedriuw? Sitst by in feriening of organisaasje en fynst dat dêr wolris wat mei it Frysk dien wurde kinne soe? Dan is dit it momint om dêr wat oan te dwaan. Doch mei oan dizze aksje!

Nim kontakt op mei Taalburo Popkema, Praat mar Frysk of sykje ús op fia Facebook.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>