«

Apr 25

Post-koroana?…

Koroana… We hoopje dat we der gau ôf binne. Dan kinne we wer moaie dingen dwaan, om it Frysk en de Fryske skiednis hinne. Foar mysels jildt dat ik woliswier op dit plak al in skoftlang neat fan in update pleatst ha, mar dat betsjut net dat ik stilsitten ha. Krekt oarsom! Ik ha krewearre om te soargjen dat we post-koroana in soad moaie nije dingen dwaan kinne. Wat der op jim ôfkomt? Ik wurkje oan in taalkeunstfestival foar lytse talen, in spannende Fryske útjefte fan Redmond O’Hanlons “Congo”, in ûndersyk oangeande de earste fyts fan Nederlân (warkum1862.frl), in nije edysje fan de Old Frisian Summer School (y.g.m. Oxford University), en noch gâns mear. En mei myn maten fan Pastei binne we al sûnt ôfrûne simmer hurd dwaande om yn opdracht fan Tresoar harren Richthofenkolleksje te ûndersykjen; yn 2022 hoopje we dat prachtprojekt ôfrûnje te kinnen. Om koart te gean: ik hoopje dat ik hjir yn de rin fan de kommende moannen wer in pear moaie nije projekten oankundigje kin!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>