«

»

Nov 24

Oprop: Sportpoëzij yn Fryslân

Schermafbeelding 2015-11-24 om 23.06.13Sport is passy. Op it fjild of yn de seal, mar ek oan de sydline of op de tribune. Wy drukke dy passy, dy bewûndering foar sporthelden, klups en spesjale sportgelegenheden graach út yn moaie wurden. Sprekkoaren op de grutte tribunes, kluplieten by amateurferienings, gedichtsjes foar lokale (anty)helden. Sportpoëzij, sa soest it allegearre neame kinne. Dêrom dogge wy in oprop oan de tsientûzenen sportleafhawwers en -beoefeners yn Fryslân om sokke sportpoëzij oan te leverjen. Gedichten en lieten, sammele út stokâlde boeken en kranten, út it klupblêd fan ferline moanne, of miskein sneontemiddei noch opheind op fjild 7. It makket net út hoe âld oft it is, likemin as de literêre kwaliteit fan it wurk. En fansels wurdt nagelnije sportpoëzij ek tige wurdearre. Wol van belang is de kontekst: hokker sporter of wedstryd giet it om? En wêr en wannear fûn it sportive barren plak?

It hoecht wier net allinne om bekende sporters of klups te gean, in rûch dûsliet út de kelder fan it amateurfuotbal is wat de gearstallers oangiet like nijsgjirrich as in lofdicht yn it NRC op Epke Zonderland. En ek de taal is net relevant: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Biltsk… as it mar giet om in Fryske sporter of in sportyf barren dat him ôfspile yn Fryslân. Stjoer jo sportpoëzij met safolle mooglik kontekst én jo kontaktgegevens foar 1 jannewaris 2016 op nei: info@taalburopopkema.nl. Ut alle ynstjoerings stelle Anne Dykstra en ik in fraai blomlêzing gear, dy’t hjerst 2016 by Utjouwerij Wijdemeer ferskine sil.

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>