Oersettings

Omslach Fryske Donald Duck

Omslach Fryske Donald Duck

Ik set oer út it Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk wei nei it Nederlânsk of it Frysk en stean foar dy oersetrjochtings sûnt 2014 ynskreaun by it Nederlânsk Genoatskip fan Tolken en Oersetters (NGTV).

Ta myn wichtichste klanten foar oersetwurk hearre de Afûk, de provinsje Fryslân, it Frysk Museum, de gemeente Ljouwert, de British Council, útjouwerijen Bornmeer, Wijdemeer, Regaad en Elikser, Tresoar, Mercator Education, de Ryksuniversiteit Grins en de Fryske Akademy.

Ik ha talrike wittenskiplike, saaklike en kommersjele oersettings makke, guon dêrfan yn opdracht fan ien fan de boppeneamde partijen. Yn in protte gefallen giet it om websites (bgl. gemeente Leeuwarden, Sonnema Beerenburg, Frysk Museum, It Fryske Gea, WestCord Hotels, Theater De Koornbeurs, MicroNutritions), faak ek om amtlike stikken (provinsjale begrutting, koälysje-akkoart, kultuernota’s, jierferslaggen). Foar gruttere oersetputten ha ik in treflik netwurk fan oersetters ta myn foldwaan.

Yn 2012 mocht ik de provinsjale trijejierlikse oersetpriis ûntfange, foar myn oersetting fan Tolkien’s The Hobbit (Elikser, 2009).

Foar de British Council ha ik yn 2010-2012 foar in grut Europeesk projekt (Language Rich Europe) alle Ingelsktalige rapportaazjes nei it Nederlânsk en it Frysk oerset.

Foar de Afûk ha ik yn 2011 de Fryske Donald Duck oerset, mei 50.000 eksimplaren de bêst ferkochte Frysktalige publikaasje oant no ta.

Foar it fernijde Frysk Museum ha ik yn 2012 en 2013 de website, katalogy en objektbeskriuwings nei it Frysk oerset.

Sûnt 2013 fersoargje ik de Fryske oersettings fan de site fan de gemeente Ljouwert.

Foar de provinsje Fryslân ha ik û.o. ferskate beliedsnota’s (bgl. kultuer, ûnderwiis) en de begruttings foar 2013, 2014 en 2015 oerset.

Neist it saaklike/kommersjele wurk bring ik ek geregeldwei literêre oersettings út, bgl.:

(2004) W. Benjamin, Ik pak myn bibleteek út (Lichthart/Neumann; Lytse Rige diel 1)

(2007) E. Canetti, De harksizzer. Fyftjin karaktersketsen (Lichthart/Neumann; Lytse Rige diel 3)

(2009) J.R.R. Tolkien, De Hobbit (Elikser) (yn 2012 bekroand mei de Obe Postmapriis; 2e edysje 2012)

(2012) Bruorren Grimm, Mearkes fan Grimm (Bornmeer)

(2013) E. Betten, De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit (Wijdemeer; tagelyk mei de NL-ferzje ferskynd).

(2013) J. Vriens (eindred.), De avonturen van Auke / De aventoeren fan Auke (Afûk).

(2013) A. Jongstra, Djipte! (Tresoar; kadoboek foar de Moanne fan it Fryske boek)

(2014) E.A. Poe, De skacht en de slinger (Regaad)

(2015) J. Fabricius, De skipsjonges fan Bontekoe (Regaad)

(2015) Havank, De nachtmis van Wybe van Croningha (Regaad)

(2015) Schoorstra, W. Pier. De profetie van blinde Simon (Friese Pers/Noordboek)

(2016) Jaarsma, D. Sprookjes uit de Friese Wouden (Bornmeer)

(2016) Cools, H. e.a. (eds.). De Fryske Akademy. Trije iuwen bouskiednis (Fryske Akademy/Afûk)

 

Alle boeken kinne fia de útjouwer mar ek fia my besteld wurde.

Om ynformaasje oer myn tariven te krijen ferwiis ik jo nei de kontaktgegevens op de begjinside.

 

 

 

 

 

4 comments

Skip to comment form

  1. oadwujnuixj

    ZO85sI , [url=http://mqdqfopxkezi.com/]mqdqfopxkezi[/url], [link=http://qzszhwabyaoa.com/]qzszhwabyaoa[/link], http://ukqoipousmpi.com/

  2. gsyjhkp

    HIbwBt , [url=http://cquhotlqdjdq.com/]cquhotlqdjdq[/url], [link=http://iwcwuetccgqy.com/]iwcwuetccgqy[/link], http://rngfzjcakzdp.com/

  3. hlmxxsrck

    A0ER4g kdxvpkenujva

  4. Antonio

    I see, I spupose that would have to be the case.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>