«

»

Aug 17

Oersetting ‘De skipsjonges fan Bontekoe’

IMG_4538By Utjouwerij Regaad, de útjouwerij foar Fryske oersettings dy’t ik okkerjiers mei in pear freonen opset ha, is ein maart myn lêste oersetting ferskynd: Johan Fabricius’ ‘De skipsjonges fan Bontekoe’. It ferhaal is basearre op it skipssjoernaal dat VOC-skipper Willem IJsbrantsz. Bontekoe makke hat oer syn ûngelokkige reis nei Ynje, yn 1618-1619. Stoarm, wynstilte, skuorbot, haaien, brân… alles hat Bontekoe meimakke mei syn skip de Nieuw-Hoorn. Fabricius hat fan dat sjoernaal yn 1924 in prachtige aventoeroman makke, in boek dat ik as jonge werklik ferslynd ha. De haadpersoanen, de skipsjonges Hajo, Rolf en Padde, it binne âlde bekenden, en it hat in feest west om harren aventoeren wer te lêzen én te ferfryskjen. Roelof Wijtsma hat geweldige yllustraasjes by it boek makke, en Peter Boersma hat soarge dat it in útjefte wurden is om de fingers by ôf te slikjen. De oersetting is yntusken al op meardere plakken moai resinsearre (bgl. it Y-SkriftDe Moanne, FD, weblog Jelle van der Meulen, Ensafh.).

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>