«

»

Jun 14

Nije oersetting: boek Fryske identiteit

De rode NL-versie en de groene Friese versie. Kleurensymboliek?

De reade NL-ferzje en de griene Fryske ferzje. Kleuresymbolyk?

Op 13 juny 2013 waard yn it Steedhâlderlik Hôf op feestlike wize in prachtich boek fan sjoernalist en histoarikus Erik Betten presintearre: De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit (útjouwerij Wijdemeer). Dizze Fryske oersetting, dy’t ik meitsje mocht, is tagelyk mei it Nederlânsktalige orizjineel ferskynd. It boek befettet in fassinearjend ferslach fan in persoanlike syktocht fan de auteur nei de aspekten fan (syn) Fryske identiteit. De Fryske oersetting koe makke wurde mei tank oan in stipe fan de provinsje Fryslân. Deputearre  Jannewietske de Vries mocht dan ek it earste eksimplaar fan beide ferzjes yn ûntfangst nimme. Ta myn grutte tefredenheid wie by de oanslutende boekferkeap benammen de Fryske ferzje rôversguod.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>