«

»

Oct 07

Nederlânske oersetting én 2e Fryske edysje “Mearkes út ‘e Wâlden”

img_2833

Gauris krige ik de ôfrûne twa jier de fraach oft “Mearkes út de Wâlden” (2014, de “Jaarsmasprookjes” dus) net yn it Nederlânsk ferskine koe. Lang om let is it dan safier: “Sprookjes uit de Friese Wouden”, oerset troch my, mei deselde prachtplaten fan Peter Boersma&Hilda Groenesteyn en yn in prachtige lúkse hardcover útjûn troch Bornmeer Gorredijk.

En tagelyk is ék noch in twadde edysje fan de Fryske ferzje útkaam, allyksa as hardcover. Dy wie ommers al yn in pear moannen útferkocht. It kin net op… Beide boeken binne €19,90 en te bestellen bij Bornmeer (of by my, ast dat aardiger fynst: info@taalburopopkema.nl).

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>