«

»

Jun 27

Mearkes út ‘e Wâlden

De voorkant van het boek, met een illustratie van Peter Boersma & Hilda Groenesteijn

Foarmjouwing: Robert Seton. Yllustraasje: Peter Boersma & Hilda Groenesteijn.

Koartlyn is in nij boek útkaam dêr’t ik oan meiwurke ha: Mearkes út ‘e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma (Bornmeer). It is in samling fan mear as 125 Fryske folksferhalen dy’t rassamler Dam Jaarsma yn de twadde helte fan de 20e ieu optekene hat út de mûle fan ynwenners fan de Fryske Wâlden. Jaarsma, dy’t fan ‘t jier eksakt in ieu lyn berne is yn Eastermar, hat mear as 16.000 folksferhalen sammele en is dêrmei sûnder mis de wichtichste ferhalesamler fan Nederlân, en ek yn Europeesk ferbân in samler út de bûtenkategory. Mearkes út ‘e Wâlden hat plak- en persoansregisters en ek in wiidweidige ynlieding (fan Theo Meder, Jurjen van der Kooi en Teake Oppewal), dêr’t man en wurk, mar ek it fenomeen folksferhaal yn taljochte wurde. Bysûnder oan it boek binne de mear as 60 skitterjende kleureyllustraasjes fan Peter Boersma & Hilda Groenesteijn. Yndie, bekende nammen, want Peter & Hilda tekenen earder al foar de hearlike yllustraasjes yn Mearkes fan Grimm, de Fryske oersetting fan 50 Grimm-sprookjes dy’t ik yn 2012 makke ha. Mearkes út ‘e Wâlden is kwa uterlik dan ek in wier twillingsuske fan Mearkes fan Grimm. Foar €29,50 te besetten by de boekhannel, of gewoan te bestellen mei in mailtsje nei my, fansels.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>