«

Jul 12

Krekt ferskynd: “Kurvend oer de kromten”

Schermafbeelding 2017-07-12 om 13.01.40Einlik is er út: de bondel mei sportpoëzy dy’t ik tegearre mei Anne Dykstra gearstald ha: “Kurvend oer de kromten – Friese sportgedichten” (128 s.). Nei in earste oprop yn novimber 2015, by it tv-programma Hjoed fan de Omrop, en in twadde begjin 2016 fia de Fryske deiblêden (mei sels noch in aardige priisfraach yn de Ljouwerter yn april 2017) ha ús mear as hûndert sportgedichten berikt. Wy wienen op ‘e syk nei poëzy dy’t in Fryske sporter of in sportbarren yn Fryslân besjongt. Wy krigen nij wurk, besteand wurk, út kranten en út fergiele klupbledsjes. Taal? Net belangryk, der sit Frysk, Biltsk, Hollânsk, Stedsk, en sels Frânsk tusken. Nivo? Ek net belangryk, fan de sport net en fan it gedicht net. As it mar mei passy skreaun is. Tagelyk sitte der bekende en bekroande dichters tusken: Eppie Dam, Rutger Kopland, Jacobus Q. Smink, Baukje Wytsma, om in pear te neamen. Anne en ik ha by gâns gedichten eftergrûn ferskaft, en it boek is prachtich foarmjûn troch myn kantoargenoat en Regaadkollega Peter Boersma. It is ferskynd by Louw Dijkstra’s Utjouwerij Wijdemeer. Dêr, mar fansels ek by de bettere boekhannel (en ek wol by my), kin it besteld wurde, foar €14,95. Op freed 21/7 (13.00-16.00 oere) stiet it online tv-programma Noardewyn Live fan Willem Wâldpyk foar in grut part yn it ramt fan ‘Kurvend’.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>