«

Mar 19

Krekt ferskynd: Een meelijwekkend volk

Een meelijwekkend volk (Wijdemeer 2017)Sûnt 2014 ha ik mei de klassisy André Looijenga en Bouke Slofstra yn alle rêst wurke oan in twatalige blomlêzing fan fragminten oer de Friezen út de âldheid oant de kerstening. De measte fragminten dy’t we selektearre ha wienen noch net earder oerset nei it Frysk; dat gat woenen wy graach folje. Om’t de klassike en iermidsiuwske Friezen ek libben lâns in grut part fan de Hollânske kust, oant frij djip it lân yn, ha wy lykwols keazen foar in twatalich boek. De titel, “Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen in de oudheid tot de kerstening”, is frij nei Plinius syn misera gens-fragmint oer de iere terpbewenners.

It earste eksimplaar is op 12 maart 2018 oanbean oan KfdK Arno Brok en op in sympoasium yn Ljouwert op 16 maart is it boek oan it brede publyk foarsteld. Uitgeverij Wijdemeer hat in soad oandacht oan it boek bestege, en foarmjouwers Peter Boersma en Gert Jan Slagter ha in treflik ûntwerp ôflevere; sawol kwa omslach as kwa binnenwurk. Dat is ek opmurken; sa bestege histoarikus Jona Lendering in moai bloch oan ús projekt, mei gâns wurdearring foar de útfiering fan it boek.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>