«

»

Dec 18

Jieroersjoch 2015

IMG_1217Wy binne der noch net rjocht, fansels, wa wit smoar ik noch yn in hinnebonkje mei kryst. Nammerste mear reden om no alfêst oer te eidzjen wat sa al oer myn taalburo skood is, it ôfrûne jier.

De winter gie eins folslein hinne mei de oersetting fan De skipsjonges fan Bontekoe (Regaad), dy’t wy ein maart op in prachtige middei en yn goed selskip presintearre ha op Theaterskip Bald’r yn Grou. Underwylst rûn ek de organisaasje fan it 5e Sirkwy Sympoasium, “Fryslân en de wrâld 2.0“, oer jonge Friezen mei kulturele ambysje. Dy dei yn april smiet nijsgjirrige en sels urginte lêzings op, én de lansearring fan Y-Skrift Skanomodu. De lêzings binne ek wer gearbrocht yn in moai boekje, opmakke troch kantoarkollega Peter Boersma. Peter hat ek, foar Wijdemeer, de boekfersoarging dien fan de bondel artikels oer prof. dr. Tony Feitsma, dêr’t ik de eindredaksje oer fierde. Op in moaie middei yn augustus is dat boek yn Brantgum presintearre. Yn oktober wûn ik samar de earste priis yn in ferhalewedstryd yn myn prachtige bertedoarp Burgum, in hiele eare! Fan ‘t hjerst kaam in oar inisjatyf fan Peter en my, Grimm-mearkes yn lytse talen, einliks goed op gleed en koe, nei de Fryske Grimm (Bornmeer, 2012) yn novimber in Biltske Grimm útkomme, oerset troch Sytse Buwalda; dit wie de earste offisjele útjefte fan Taalburo Popkema as útjouwer. It smakket nei mear! Sawat tagelyk kaam by Regaad “Erik of it lyts ynsekteboek” (oers. Geart Tigchelaar) út – ek alwer mei in smoute presintaasje – dêr’t ik as meilêzer en korrektor yn behelle wie. En in pear dagen dêr wer nei ferskynde myn Nederlânske oersetting fan Willem Schoorstra’s roman “Pier” (FBP). In prachtige afterburner kaam dizze wike noch, de oersetting fan in yn Fryslân situearre kryst-/ spûkferhaal fan Havank, in krystkado fan Regaad yn gearwurking mei Boekbinerij FopmaWier.

Wat 2016 bringe sil? Sportpoëzij, Prokopius, Grimm, Verne, Jaarsma, Pastei, en hooplik noch in pear fan dy moaie nammen!…

Elts tanke foar in moai jier, noflike krystdagen en in prachtich 2016 tawinske.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>