«

»

Aug 27

Fryske site Ljouwert oplevere

Fryske site Ljouwert

Fryske site Ljouwert

Grutsk en tefreden: op 27 augustus 2013 wie de launch fan de Fryske ferzje fan de website fan de gemeente Ljouwert. In grouwélige put wurk: nei oersetten fan mear as 200.000 wurden is sawat 80% fan de gemeentlike site no ek yn it Frysk beskikber. Taalburo Popkema hat dêrby oparbeide mei LiveWords út Amsterdam, dy’t in skitterjende oersetynterface boud hat. Dy ynterface makket it mooglik om op tige koarte termyn – op syn heechst 24 oeren – oanfollings en oanpassings fan de site oerset en pleatst te hawwen. As it gau moat kin dat sels á la minute. It is krekt dat logistike probleem fan de oanduorjende stream oanfollings dy’t in protte grutte organisaasjes, lykas gemeenten, derfan liket te wjerhâlden om har site meartalich oan te bieden. Ljouwert jout it goede foarbyld, en lit ús hoopje dat goed foarbyld goed folgjen docht!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>