«

»

Sep 28

Fryske Google Translate-dei yn Grins

Op sneon 26 septimber wie de ‘Grinzer oersetdei‘, yn it ramt fan de Fryske Google Translate Wike. Taalburo Popkema hat yn oparbeidzjen mei de oplieding Frysk/Minorities&Multilingualism (RuG) sa’n 40 Friezen mobilisearre om ek yn Grins oer te setten. De oersetters – Friezen dy’t yn Grins wenje, en minsken dy’t in spesjale bân mei de oplieding ha – ha yn it Grinzer Harmoniegebou mei-inoar ûngefear 18.000 oersettings Ingelsk>Frysk levere. Elts krige fan de Grinzer/Fryske útjouwerij Regaad as blyk fan wurdearring in kadoboekje mei, in oersetting fan E.A. Poe’s De skacht en de slinger (Regaad, 2014). Neitiid wie der noch in feestlike ôfsluting by de Fryske studinteferiening te Grins, FFJ Bernlef.
De Grinzer oersetdei hie benammen it doel om mei te soargjen dat it Frysk as Google Translate-taal opnaam wurde sil, mar wie ek ornearre om it belang foar de Fryske taal en kultuer fan de Grinzer oplieding Frysk en it byhearrende netwurk fan Friezen yn de stêd Grins ûnder it omtinken te bringen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>