«

»

Nov 18

Fergese natoer-app ‘Fauna yn Fryslân’

Byldmerk 'Fauna yn Fryslân' (ûntwerp: Barbara Jonkers)

Byldmerk ‘Fauna yn Fryslân’ (ûntwerp: Barbara Jonkers)

Op freed 14 novimber hat deputearre Johannes Kramer (FNP) de earste download ferrjochte fan de nijste, meast omfangrike Frysktalige app: de natoer-app ‘Fauna yn Fryslân’. De app beskriuwt 205 bistesoarten dy’t karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne; dat giet fan (hast 100) fûgels fia fisken en sûchdieren oant amfibyen en ynsekten. Fierder befettet de app natoerfoto’s, lûdsopnamen, gâns spriedingskaarten en ynformaasje oer de soart yn de Fryske taal. Mei GPS kin de brûker de app – dy’t stand alone is, sadat men net online hoecht te wêzen – ek poerbêst yn it iepen fjild brûke. Dêr is de app ek op ynrjochte, om’t er gâns geografysk materiaal befettet, lykas in basiskaart, boaiemsoarten, ynformaasje oer natoergebieten, kuierrûtes, fûgelhutten, einekoaien, terpen en eardere stinzen. De app befettet boppedat de earste folsleine, yntegrale list fan de hast 1500 faunasoarten dêr’t op ’t heden in Fryske namme foar bestiet; dy list is sawol NL > Frysk as oarsom te rieplachtsjen. En foar de jongerein is in natoerkwis opnaam om de kennis te testen en út te bouwen.

De app is fergees down te loaden fia Google Play en de App Store; sykje op “fauna fryslan”. Yn de rin fan it kommende healjier sil op basis fan brûkersûnderfinings in update taret wurde.

De inisjatyfnimmers fan dizze app binne Taalburo Popkema en Utjouwerij Wijdemeer; fierder is gearwurke mei Naturalis, de provinsje Fryslân, It Fryske Gea, de BFVW, Audiofrysk en natoerkenner Sake Roodbergen. Friduwih Riemersma hat parten fan it oersetwurk op har noed naam.

1 comment

  1. Jaap Holwerda

    Hoi Anne, de app is net mear te fynen. Komt hy wer?

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>