Category Archive: Aktueel

Nov 18

Fergese natoer-app ‘Fauna yn Fryslân’

Op freed 14 novimber hat deputearre Johannes Kramer (FNP) de earste download ferrjochte fan de nijste, meast omfangrike Frysktalige app: de natoer-app ‘Fauna yn Fryslân’. De app beskriuwt 205 bistesoarten dy’t karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne; dat giet fan (hast 100) fûgels fia fisken en sûchdieren oant amfibyen en ynsekten. Fierder befettet de app natoerfoto’s, lûdsopnamen, …

Lês fierder »

Aug 12

Buro Douwe Kalma yn Skriuwersarke

It eardere skriuwburo fan Douwe Kalma is pleatst yn de ‘Skriuwersarke’. Koart nei Kalma syn dea, yn 1953, is it buro foar 100 gûne út it boelguod opkocht troch de jurist en âldfrisist Meinte Oosterhout (1920-1970). Dy syn widdo, Barber Oosterhout, hat it 2014 oan my oerdien en fan ‘t simmer ha ik it yn brûklien …

Lês fierder »

Jun 27

Mearkes út ‘e Wâlden

Koartlyn is in nij boek útkaam dêr’t ik oan meiwurke ha: Mearkes út ‘e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma (Bornmeer). It is in samling fan mear as 125 Fryske folksferhalen dy’t rassamler Dam Jaarsma yn de twadde helte fan de 20e ieu optekene hat út de mûle fan ynwenners fan de Fryske Wâlden. Jaarsma, dy’t fan ‘t jier eksakt in …

Lês fierder »

Jun 02

Stichting Utjouwerij Regaad

Yn 2013 bin ik mei twa maten –  Peter Boersma en Bert-René Luimstra – de Stichting Utjouwerij Regaad begûn. Doel fan dy stichting is de Fryske lêsbefoardering. Dêr hoopje wy it uzes ta dwaan te kinnen troch Fryske oersettings út te bringen fan titels dy’t benammen ek in publyk fan (âldere) jongeren en jongfolwoeksenen oansprekke. Boppedat wurde de boeken …

Lês fierder »

Jun 02

Kursus Plysje Noard-Nederlân

Fan maart oant begjin juny 2014 hat Taalburo Popkema (y.o.f. de Afûk) in kursus Frysk ferstean en lêzen fersoarge foar de ôfdieling Kommunikaasje fan de plysje Noard-Nederlân. Sûnt de provinsjale plysjekorpsen fan it Noarden fusearre binne, kin it barre dat in plysjewurdfierder yn Grins – it stânplak fan de ôfdieling Kommunikaasje – konfrontearre wurdt mei Frysktalige media; Omrop Fryslân, …

Lês fierder »

Dec 16

Jieroersjoch 2013

De stoartfloed oan jieroersjoggen moat noch goed op gleed komme, mar lit my alfêst in sint yn it ponkje dwaan: hjirby it jieroersjoch 2013 fan Taalburo Popkema! Dat jier sette striemin útein, mei’t ik it yn in rolstoel begjinne moast: de knibbelpees trochskuord. Aldergeloks koe ik al wol mei it tariedende wurk begjinne fan wat …

Lês fierder »

Nov 28

Serious Frysquest 2013

It goede doel helpe én dêrby ek noch wat foar it Frysk betsjutte: dat is it doel fan “Serious Frysquest 2013“. Yn it ramt fan Serious Request 2013, de oansteklike jierlikse goededoele-aksje fan 3FM, wêrfoar’t dit jier it Glêzen Hûs op it Ljouwerter Saailân opboud wurdt, hat Taalburo Popkema yn ‘e mande mei de Praat …

Lês fierder »

Sep 15

Nije oersettings: “Djipte!” en “Auke”

Yn de twadde wike fan septimber 2013 binne twa nije oersettings fan myn hân presintearre. Op woansdei 11 septimber hat prinses Laurentien, as foarsitter fan de Stichting Lezen & Schrijven, it boek “De avonturen van Auke” yn ûntfangst naam, yn it Museum Belvédère. It boek giet oer de drege Alvestêdetocht fan reedrydheld Auke, en it is …

Lês fierder »

Aug 27

Fryske site Ljouwert oplevere

Grutsk en tefreden: op 27 augustus 2013 wie de launch fan de Fryske ferzje fan de website fan de gemeente Ljouwert. In grouwélige put wurk: nei oersetten fan mear as 200.000 wurden is sawat 80% fan de gemeentlike site no ek yn it Frysk beskikber. Taalburo Popkema hat dêrby oparbeide mei LiveWords út Amsterdam, dy’t …

Lês fierder »

Jun 14

Nije oersetting: boek Fryske identiteit

Op 13 juny 2013 waard yn it Steedhâlderlik Hôf op feestlike wize in prachtich boek fan sjoernalist en histoarikus Erik Betten presintearre: De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit (útjouwerij Wijdemeer). Dizze Fryske oersetting, dy’t ik meitsje mocht, is tagelyk mei it Nederlânsktalige orizjineel ferskynd. It boek befettet in fassinearjend ferslach fan in persoanlike syktocht fan …

Lês fierder »

Older posts «

» Newer posts