«

»

Aug 12

Buro Douwe Kalma yn Skriuwersarke

It buro fan Douwe Kalma

It buro fan Douwe Kalma

It eardere skriuwburo fan Douwe Kalma is pleatst yn de ‘Skriuwersarke’. Koart nei Kalma syn dea, yn 1953, is it buro foar 100 gûne út it boelguod opkocht troch de jurist en âldfrisist Meinte Oosterhout (1920-1970). Dy syn widdo, Barber Oosterhout, hat it 2014 oan my oerdien en fan ‘t simmer ha ik it yn brûklien oan it Fryske Gea skonken.

It buro wie slim fertutearze rekke, mar is, mei stipe fan de Douwe Kalma Stifting, opknapt troch restaurateur Johan Boersma fan Easterwierrum.

De Skriuwersarke – earder yn besit fan skriuwer Rink van der Velde, mar nei dy syn dea yn 2001 oergien nei It Fryske Gea – leit yn in petgat tusken De Wylgen en De Feanhoop. Op útnoeging fan de Stichting FLMD hâlde dêr in pear kear it jier skriuwers ta om oan har oeuvre te wurkjen. Fan ’t simmer waard de Skriuwersarke bewenne troch André Looijenga fan Grins; yn ’e neisimmer sille Piter van der Woude en Meindert Reitsma noch tahâlde op de arke.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>