«

»

Feb 26

Besprekstek: in resinsje-‘hub’ foar Fryske boeken

besprekstekOp Facebook ha ik ein febrewaris 2013 in community oprjochte: it “Besprekstek“. Hjir kinne folgers dy’t op Facebook of earne oars op ynternet in resinsje, sinjalearring of yndividuele wurdearring fan in lêzer oantreffe, dy diele. Sa ûntstiet in soarte fan ‘hub’ fan wurdearrings fan Fryske boeken, dy’t oanfolle wurdt troch de folgers sels. Fynsto dus sa’n resinsje of lêzersreaksje, set de link dan op it Besprekstek (as it heal kin wol ûnder fermelding fan boektitel, auteur, útjouwer en ferskiningsjier). En ast op ‘Fyn ik leuk’ klikt hast, krijst dus elts nij fynplak fan in resinsje yn dyn Facebook-berjochten. Sa bliuwst altiten automatysk op de hichte fan wat der oan Fryske literatuer resinsearre wurdt!

 

Op de site fan it kultureel opinyblêd De Moanne ha ik op fersyk fan de redaksje de wurking en bedoeling fan itt Besprekstek taljochte.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>