ANNE TJERK POPKEMA

Yn 1975 bin ik berne yn Burgum. Myn middelbereskoaltiid ha ik op it Christelijk Gymnasium (hjoed de dei Christelijk Gymnasium Beyers Naudé) yn Ljouwert trochbrocht.

Yn 1994 bin ik nei Grins ferfearn, om dêr te studearjen. Nei ferskate stúdzjes besocht te hawwen, bin ik yn 1998 by de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins telâne kaam. Yn 2002 bin ik ôfstudearre, mei as spesjalisme Aldfrysk en taalskiednis. Myn einskripsje waard bekroand mei de skripsjepriis fan de Fryske Akademy en dêrnei ek publisearre.

Nei myn stúdzje ha ik twa jier by de Fryske Akademy yn Ljouwert wurke oan it earste boek dat yn it Frysk printe is: de saneamde Alde Druk, út 1484-1486. Yn 2004 bin ik ferfearn nei Dútslân, om oan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it Altfriesisches Handwörterbuch fan Dietrich Hofmann dien te meitsjen; it wurdboek is yn 2008 ferskynd. Fierder ha ik sûnt 2002 wittenskiplike artikels skreaun oer allerhanne aspekten fan it Aldfrysk, de wurdboekskriuwerij en de skiednis fan de Fryske taal. Klik hjir foar in oersjoch fan myn wittenskiplike publikaasjes

Al ûnder myn wittenskiplik wurk ha ik oersettings útbrocht (bgl. Walter Benjamin, Ik pak myn bibleteek út (2004) en Elias Canetti, De Harksizzer. Fyftjin karaktersketsen (2007)). Yn deselde tiid bin ik ek al begûn oan myn oersetting fan J.R.R. Tolkien, hobbit, dy´t yn septimber 2009 útkaam. Nei myn Kieler jierren hoegde ik dan ek net lang nei te tinken, mar ha ik noch yn 2008 Taalburo Popkema oprjochte, om sa fan oersetten en oar ‘taalwurk’ myn deistich wurk te meitsjen. Oant septimber 2012 ha ik boppedat dosint Fryske taalfeardigens west oan de oplieding Fryske taal en kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins.

Neist myn taalwurk bin ik adviseur foar it Frysk foar it Oxford English Dictionary en it monumintale Deutsches Rechtswörterbuch. Yn 2009 bin ik beneamd ta lid fan de Fryske Akademy op grûn fan wittenskiplike fertsjinste, en sûnt 2010 bin ik Honorary Research Fellow fan de Fryske Akademy. Yn 2012 ha ik de Obe Postmapriis, de trijejierlikse provinciale oersetpriis, krigen foar myn oersetting fan The Hobbit (2009).

Yn 2013 ha ik mei in pear freonen de Stichting Utjouwerij Regaad oprjochte, dy’t him taleit op it meitsjen fan Fryske oersettings yn heechweardige útjeften.

Yn myn frije tiid bin ik û.o. bestjoerslid fan It Skriuwersboun en foarsitter fan de Stifting Eigen Honk Bernlef.

Sûnt 2008 wurkje ik as selsstannich oersetter en taalûndersiker yn Grins, dêr’t ik ek wenje mei frou en bern.