Apr 13

The Tale Trail

Schermafbeelding 2017-04-13 om 16.42.19

Elts minsk hat ferhalen. Persoanlike ferhalen, ferhalen oer de eigen eftergrûn. Eltse regio hat ek ferhalen. Folksferhalen, ferhalen oer de skiednis. Mei The Tale Trail wolle wy dy ferhalen hearre en belibje litte. Storytelling as wize om mear begryp en ynsjoch te krijen yn inoar, as Europeanen. En wat is dêr in better momint foar …

Lês fierder »

Oct 07

Nederlânske oersetting én 2e Fryske edysje “Mearkes út ‘e Wâlden”

Gauris krige ik de ôfrûne twa jier de fraach oft “Mearkes út de Wâlden” (2014, de “Jaarsmasprookjes” dus) net yn it Nederlânsk ferskine koe. Lang om let is it dan safier: “Sprookjes uit de Friese Wouden”, oerset troch my, mei deselde prachtplaten fan Peter Boersma&Hilda Groenesteyn en yn in prachtige lúkse hardcover útjûn troch Bornmeer Gorredijk. En …

Lês fierder »

Sep 06

Sprokies van Grimm in ‘t Stellingwarfs

Op freed 2 septimber hat yn de Master Dykstraskoalle te Elsloo (Haadwei 31) tusken 14.00 en 15.00 oere de presintaasje west  fan “Sprokies van Grimm in ‘t Stellingwarfs”.  It giet om in Stellingwerver oersetting fan 23 Grimmferhalen troch Sietske Bloemhoff & Henk Bloemhoff, fansels wer mei de bewende moaie yllustraasjes fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn. It is in mandeútjefte wurden fan …

Lês fierder »

Dec 18

Jieroersjoch 2015

IMG_1217

Wy binne der noch net rjocht, fansels, wa wit smoar ik noch yn in hinnebonkje mei kryst. Nammerste mear reden om no alfêst oer te eidzjen wat sa al oer myn taalburo skood is, it ôfrûne jier. De winter gie eins folslein hinne mei de oersetting fan De skipsjonges fan Bontekoe (Regaad), dy’t wy ein …

Lês fierder »

Nov 24

Oprop: Sportpoëzij yn Fryslân

Sport is passy. Op it fjild of yn de seal, mar ek oan de sydline of op de tribune. Wy drukke dy passy, dy bewûndering foar sporthelden, klups en spesjale sportgelegenheden graach út yn moaie wurden. Sprekkoaren op de grutte tribunes, kluplieten by amateurferienings, gedichtsjes foar lokale (anty)helden. Sportpoëzij, sa soest it allegearre neame kinne. …

Lês fierder »

Nov 19

Utjefte “Sprokys fan Grimm in ‘t Bildts

mockup

Woansdeitemiddei 18 novimber is yn de bibleteek fan St. Anne myn earste produksje as útjouwer ferskynd: “Sprokys fan Grimm in ‘t Bildts”. Sytse Buwalda hat foar ús de Biltske oersetting fersoarge. Foar ús, sis ik, want tegearre mei myn Regaad- en kantoarkollega Peter Boersma (mei Hilda Groenesteyn ek ien fan de yllustratoaren) ha ik foar …

Lês fierder »

Sep 28

Fryske Google Translate-dei yn Grins

Schermafbeelding 2015-09-28 om 13.16.23

Op sneon 26 septimber wie de ‘Grinzer oersetdei‘, yn it ramt fan de Fryske Google Translate Wike. Taalburo Popkema hat yn oparbeidzjen mei de oplieding Frysk/Minorities&Multilingualism (RuG) sa’n 40 Friezen mobilisearre om ek yn Grins oer te setten. De oersetters – Friezen dy’t yn Grins wenje, en minsken dy’t in spesjale bân mei de oplieding ha – …

Lês fierder »

Aug 17

Oersetting ‘De skipsjonges fan Bontekoe’

By Utjouwerij Regaad, de útjouwerij foar Fryske oersettings dy’t ik okkerjiers mei in pear freonen opset ha, is ein maart myn lêste oersetting ferskynd: Johan Fabricius’ ‘De skipsjonges fan Bontekoe’. It ferhaal is basearre op it skipssjoernaal dat VOC-skipper Willem IJsbrantsz. Bontekoe makke hat oer syn ûngelokkige reis nei Ynje, yn 1618-1619. Stoarm, wynstilte, skuorbot, haaien, …

Lês fierder »

Nov 18

Fergese natoer-app ‘Fauna yn Fryslân’

Op freed 14 novimber hat deputearre Johannes Kramer (FNP) de earste download ferrjochte fan de nijste, meast omfangrike Frysktalige app: de natoer-app ‘Fauna yn Fryslân’. De app beskriuwt 205 bistesoarten dy’t karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne; dat giet fan (hast 100) fûgels fia fisken en sûchdieren oant amfibyen en ynsekten. Fierder befettet de app natoerfoto’s, lûdsopnamen, …

Lês fierder »

Aug 12

Buro Douwe Kalma yn Skriuwersarke

It eardere skriuwburo fan Douwe Kalma is pleatst yn de ‘Skriuwersarke’. Koart nei Kalma syn dea, yn 1953, is it buro foar 100 gûne út it boelguod opkocht troch de jurist en âldfrisist Meinte Oosterhout (1920-1970). Dy syn widdo, Barber Oosterhout, hat it 2014 oan my oerdien en fan ‘t simmer ha ik it yn brûklien …

Lês fierder »

Older posts «