«

»

Feb 28

Grunneger Grimm

Roodkapke proat Grunnengs

Roodkapke proat Grunnengs

Op ‘t heden wurdt troch de Grinzer oersetters Marten van Dijken en Geesje Vos hurd wurke oan in Grinzer ferzje fan it boek Mearkes fan Grimm (sjoch hjir foar dat boek). It sil it earste wiidweidige sprookjesboek yn it “Grunnengs” wurde. De útfiering sil fierder identyk wêze oan de Fryske ferzje, dus yn fullcolour hardcover, en fansels ynklusyf de geweldige yllustraasjes fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn. It is de plenning dat it boek ein 2013 ferskine sil. Wy hoopje dat de “Grunneger Grimm” aanst net ûntbrekke sil yn de boekekast fan eltse leafhawwer fan de Grinzer taal en dat der in bulte út foarlêzen wurde sil oan de jeugd.

 

 

De fuortgang fan it projekt, stikjes oersetting en oare aardige weetsjes binne te folgjen fia de spesjale Facebook-community dy’t foar it projekt oprjochte is: Grunneger Grimm.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>