WOLKOM

Jo tekst, boek of webside oersette?

In tekst op stavering hifkje?

In leechdrompelige of krekt ambisjeuze kursus Frysk foar josels of jo wurknimmers?

In ambisjeus projekt opstarte dat (ek) wat mei de Fryske taal te krijen hat?

Taalburo Popkema is jo graach fan tsjinst by alle soarten fan oersetten, (taal)projekten, taalhelp en taalûnderwiis, yn it Nederlânsk en it Frysk. Taalburo Popkema is in inisjatyf fan Anne Tjerk Popkema.

 

 

 

Privacystatement

Taalburo Popkema is in ienmansûndernimming, fêstige te Oosterhamrikkade 108d, 9714 BJ Grins en by de KvK ynskreaun ûnder nûmer 1138843. Persoansgegevens wurde troch Taalburo Popkema allinne sammele om faktueren te ferstjoeren en allinne bewarre op digitale kopyen fan dy faktueren, foar de eigen administraasje. Dizze gegevens wurde allinne dield mei Messie Administratiekantoor yn De Knipe, dêr’t in Ferwurkersoerienkomst yn it ramt fan de AVG mei ôfsletten is. De faktueren wurde net langer as 7 jier bewarre. As klant fan Taalburo Popkema ha jo op elts stuit it rjocht om jo gegevens yn te sjen, wizigje of fuorthelje te litten, of beswier oan te tekenjen tsjin de ferwurking derfan.