Wadden Grimm ferskynd... En twadde druk

Ein maaie 2020 ferskynde "Wadden Grimm. Mearkes fan Grimm yn de eilântalen." It wie in lang, mar bysûnder moai proses, wêrby't we kenners fan de fiif talen fan de eilannen elts tsien mearkes oersette lieten. Sa befettet it boek tsien ferhalen yn it Westersk, it Meslânzersk, it Aastersk (alle trije op Skylge), it Amelannersk (verdeeld yn East- (4) en West-Amelânsk (6)) en it Skiermûnseachsk. It is dêrmei de grutste staalkaart ea fan de eilântalen wurden - fansels wer mei de skitterjende yllustraasjes fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.

Dat it boek yn in hiaat foarsjocht en foaral troch de eilanners sels bot wurdearre wurdt, blykt wol út it feit dat de earste druk binnen in pear dagen útferkocht wie; Radio 2 hie it sels oer in stoarmrin! De twadde druk is ûnderwilens ûnderweis, ûnder oaren troch in ynskriuwaksjeynskriuwaksje op de eilannen, koördinearre troch amelandhistorie.nl.Fan healwei july ôf is Wadden Grimm wer leverber, mar ek diskear giet it alwer hurd, dus ast in eksimplaar wolst, meld dy dan oan by de ynskriuwaksje of fia in mail by info@taalburopopkema.nl.

It boek is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân, it Feitsma Fûns (Fuûns fwar it Frysk) en Wagenborg Passagiersdiensten. Feitsma Fûns (Fûûns fwar it Frysk) en Wagenborg Passagiersdiensten.

Mear aktueel