Yn de wittenskip bin ik ea begûn neist myn stúdzje, en dy bliuwt ek altyd yn myn hert. It leafste ha ik altyd wol in projekt rinnen dy’t te krijen hat mei Fryske boekskiednis.
It moaie is: sa’n moai projekt ha ik ek no wer, foar 8 oeren yn de wike. Tresoar frege my as spesjalist Aldfrysk om ûndersyk te dwaan, begeliedzjen, en netwurk- en publyksaktiviteiten te organisearjen op it mêd fan Aldfrysk en Fryske (boek)skiednis.
It doel fan dit ûndersyk is om foar it Aldfrysk de ynternasjonale UNESCO-status te krijen. In geweldich moai doel om oan wurkje te meien.