Richthofenkolleksje krijt UNESCO Memory of the World-status 

De Richthofenkolleksje fan Tresoar – de wichtichste kolleksje fan it midsiuwsk Frysk op de wrâld – hat de status UNESCO ‘Memory of the World’ krigen. In geweldige prestaasje, en ik bin der tige grutsk op dat ik dêroan meiwurkje mocht! 

It ‘Memory of the World’-programma is in inisjatyf om unike, ûnferfangbere argiven, kolleksjes en wurken te bewarjen, tagonglik te meitsjen en der omtinken foar te krijen (sjoch ek Omrop Fryslân en de Volkskrant hjiroer. 

De provinsje Fryslân en Tresoar hawwe de Richthofenkolleksje 13 oktober yn De Haach nominearre foar it nasjonale UNESCO-programma. Ik ha mei Tresoar in goed jier lang oparbeide om dat foarinoar te krijen. Dat wie in moai mar yntinsyf trajekt, wêrby’t ik aldergeloks faak weromfalle koe op de kennis dy’t we mei ûndersyksgroep Pastei oer de kolleksje opdien ha. Want al yn 2020 hat Tresoar ús frege om twa jier ûndersyk nei de kolleksje te dwaan (sjoch https://pastei.frl/richthofenkolleksje). Prachtich, want Pastei wol hiel graach de wûndere wrâld fan midsiuwske Fryske hânskriften fierder iepenlizze! 

Oh, en ek hiel aardich fyn ik it dat ik mei Tresoar in podcast meitsje mocht oer de Richthofenkolleksje: harkje hjir mar! 

Foto: Tresoar, Haye Bylstra

Mear aktueel