Sûnt desimber 2017 wurkje ik as zzp-er sa. 2 dagen de wike foar Dingtiid, om it bestjoer te advisearjen by beliedswurk en harren beliedsadvizen ynhâldlik en tekstueel ta te rieden. Dingtiid is de ynfolling fan de bepaling út de Taalwet (2014) dat der in orgaan wêze moat dat de ryks- en provinsjale oerheid advisearret oangeande it Frysk en de likense posysje dêrfan foar it Nederlânsk oer. It is moai dat ik sok wurk no neist it útjou-, les- en oersetwurk dwaan kin, want om op mear strategysk nivo mei en foar it Frysk dwaande te wêzen, dat wie al in skoftlang in winsk fan my.
jan 16